Wurkbesite Rutte fan start

05 nov 2013 - 21:33
  • Mark Rutte yn it Fries Museum

Minister-presidint Mark Rutte is tiisdeitejûn yn it Fries Museum begûn oan syn wurkbesite oan Fryslân. De besite stiet yn it teken fan de ekonomyske kânsen foar de regio. Yn it Fries Museum trof Rutte Fryske ûndernimmers en bestjoerders út Fryslân. Woansdei giet de minister-presidint û.o. nei it winkelgebiet oan de Foarstreek yn Ljouwert en it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean.

Woansdeitejûn is Rutte noch by in polityk kafee fan de VVD De Fryske Marren. Dit yn it ramt fan de gemeenteriedsferkiezings fan takom wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)