Molkpriis op rekôrhichte

05 nov 2013 - 16:34
  • Melke

It giet kresjendo mei de molkpriis. Yn novimber krije boeren fan suvelreus FrieslandCampina as garânsjepriis mear as 46 euro foar 100 kilo molke. Dat is dik 11 euro mear as yn febrewaris, doe't de priis noch mar 35 euro wie.

Oer it hiele jier stevenet de trochsneed molkpriis ôf op in rekôr fan sa'n 39,50 euro foar 100 kilo. Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board hâldt der rekken mei dat de molkpriis noch fierder omheech gean sil. De hege priis is foaral it gefolch fan krapte op de wrâldmerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)