Anker & Anker sille stake

Advokaat mr. Wim Anker © ANP
Strafrjochtadfokaten Hans en Wim Anker sille nije wike stake tsjin de besunigings fan steatssiktaris Fred Teeven. Yn de plannen wurde de advokaten tritich persint koarte by grutte saken. Neffens de Nederlandse Vereniging van Strafrechtadvocaten kinne se dan net mear kostedekkend wurkje, en sille úteinlik de kliïnten dêr de dupe fan wurde.
Nije wike moandei sille sa'n 150 advokaten dan ek net op de sitting ferskine. Ek wurdt der in ludike protestaksje by de rjochtbank yn Amsterdam organisearre.