Pronkride is nasjonaal erfguod

Pronkride op it Nannewiid © ANP, Catrinus van der Veen
Pronkride stiet fan tiisdei ôf op de Nasjonale Erfguodlist. Dat meldt it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed, dat dizze list byhâldt.
Pronkride - schoonrijden op de schaats - is al sûnt de 17e ieu in populêre hobby. It pronkriden is as erfguod foardroegen troch de lanlike feriening fan pronkriders. Ald-reedrider Ard Schenk is hjoeddedei ambassadeur fan it pronkriden.
Yn Fryslân wurdt ûnder oare op It Hearrenfean pronkriden. De ôfrûne winter wie der noch in grutte pronkrydwedstriid op it Nannewiid by Aldehaske.