FNV, LTO kritysk oer Rutte II

05 nov 2013 - 12:14

Fakbûn FNV en lanbou-organisaasje LTO binne kritysk oer it kabinet Rutte II, dat tiisdei ien jier sit. De hjoeddeistige ministersploech krijt lykwols noch wol it foardiel fan de twivel. Dat blykt út reaksjes fan Anne van Dijk fan fakbûn FNV en fan Geart Kooistra fan LTO nei ien jier Rutte II.

It giet der neffens beide manlju foaral om wat der de kommende wiken en moannen fan it belied op 'e hispel komt. FNV´er Van Dijk is wol planút teloarsteld oer it earste jier fan it kabinet Rutte.

Premier Rutte is tiisdei en woansdei twa dagen op wurkbesite yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)