Talant skrast 110 banen

05 nov 2013 - 11:55
  • De tekstylkontener foar it gebou fan Talant
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

By soarchynstelling Talant ferdwine oer in jier 110 fulltimebanen. Dat hat de direksje de meiwurkers witte litten. It giet om managemint- en kantoarfunksjes. Minsken dy't direkte soarch oan kliïnten leverje falle net ûnder it plan. De ûntslaggen falle omdat Talant minder jild fan de oerheid krijt. De ûntslaggen moatte in besparring fan sa'n 4,5 miljoen euro opsmite.

De kommende wiken wurdt bekend wa't der by Talant út moatte. It giet nei alle gedachten om sa'n 150 parttime-meiwurkers. Der wurdt noch wurke oan in sosjaal plan.

Talant hat sa'n 300 soarchlokaasjes yn Fryslân. De banen ferdwine mei yngong fan 1 jannewaris 2015.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)