'Ljouwert moat KfK hâlde'

05 nov 2013 - 11:42

De FNP pleitet foar in eigen Fryske Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. Riedslid Pier Tilma fan de Ljouwerter FNP wol dat it ûndernimmingsplein yn de stêd bliuwt. Op dit stuit wurdt der bot reorganisearre by de Keamer fan Keaphannel. Lanlik bliuwe der fiif regio's oer. Yn it Noarden soe it ûndernimmersplein yn Grins komme.

Tilma fynt dat der in oansprekpunt foar MKB-bedriuwen yn Ljouwert bliuwe moat. Hy ropt de provinsje, gemeenten en it bedriuwslibben op de skouders ûnder de Fryske Keamer fan Keaphannel te setten.

Mooglik soene projekten dy't aanst betelle wurde mei de Nuon-jilden in plakje krije kinne yn it gebou oan de Heliconwei yn Ljouwert, sa seit Tilma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)