De Sweach wol dielauto

05 nov 2013 - 09:55

As it oan de wurkgroep Beetstersweach Duorsum leit, krijt it doarp meikoarten in repairkafee en in dielauto. Ek wol de wurkgroep oan kollektyf grienbehear dwaan yn Beetstersweach. De plannen wurde takom wike woansdei 13 novimber oan de ynwenners presintearre. Dêr binne dan ek fertsjintwurdigers fan oare doarpen dy't ûnderfining ha mei duorsume doarpsinisjativen.

De wurkgroep Beetstersweach Duorsum hopet op de ynformaasjegearkomste mear duorsume ideeën te krijen. De wurkgroep is in ûnderdiel fan Pleatslik Belang Beetstersweach-Olterterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)