Skea Harns: 'pear wiken wurk'

It monumintale Harmoniegebou yn Harns is oer in pear wiken wer yn oarder. Dan is it ek wer fertroud om yn te wenjen en te wurkjen. Dat seit de eigener Thomas Draisma út Apeldoorn. It gebou is swier troffen troch de stoarm. It wurdt mei peallen skoarre om foar te kommen dat it dak net nei ûnderen komt.
It gebou út 1845 is yn gebrûk as fytswinkel. Neffens Draisma kin de winkel lykwols no al wer iepen. Fan ynstoartingsgefaar hat neffens him gjin sprake west.