Frysk konvenant ûndertekene

Minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken en kommissaris fan de Kening John Jorritsma hawwe moandei it konvenant taalbeleid ûndertekene mei de gemeenten dy't opgean yn de Fryske Marren en mei Boarnsterhim, Ljouwert, Hearrenfean en Súdwest-Fryslân.
Yn de oerienkomst stiet dat de nije gemeenten belied meitsje op it mêd fan de Fryske taal, oerienkomstich it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden. Dêr is yn opnaam dat de taalrjochten fan de boargers by gemeentlike fúzjes hanthavene wurde.