Stipe foar elektrysk farren

04 nov 2013 - 17:19

De provinsje komt mei twa nije subsydzjeregelings foar eigeners fan elektryske boaten. Minsken kinne aanst stipe krije as sy sinnepanielen of in spesjale litium-akku keapje wolle. De nije subsydzjes binne ûnderdiel fan in grutter plan om it elektrysk farren te stypjen.

Yn 2015 wol de provinsje 3000 elektryske boatsjes op de Fryske marren hawwe. Dêrfoar hat Fryslân in subsydzjepot fan hast 4 ton beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)