Jild foar tegelfabryk Harns

© ANP XTRA
It ierdewurk- en tegelfabryk yn Harns krijt fan de provinsje Fryslân út it potsje Plattelânsprojekten 8000 euro subsydzje. Mei dat jild moat ûndersyk dien wurde nei ekploitaasjemooglikheden fan it âlde fabryk.
It projekt 'Bildts eigene' fan Stifting De Aerden Plaats fan Aldebiltsyl krijt 2500 euro. Dy stipe is bedoeld foar it meitsjen fan in digitale peal mei ynformaasje oer de taal, de kultuer en it lânskip fan It Bilt.