Warkumer slûs wurdt útdjippe

Yn Warkum binne moandei de wurksumheden begûn foar it djipper meitsjen fan de slûs. As it wurk takom jier klear is, kinne boaten mei in maksimale djipte fan 1.90 meter troch de slûs. De drompel yn de slûs leit no op 1.65 metter. Undernimmers yn de wetttersportstêd ferwachtsje dat der tenei mear boatsjeminsken fan de Iselmar ôf nei Warkum farre sille.
De wurksumheden oan de slûs moatte foar 1 maart takom jier ôfrûn wêze.