Pieter Weening yn opspraak

04 nov 2013 - 16:34
  • Pieter Weening

De Australyske hurdfytsploech Orica-GreenEdge wol fan Pieter Weening befêstige ha dat hy yn it ferline gjin ferbeane middels brûkt hat. Syn eardere kollega Michael Rasmussen liet snein op de Deenske televyzje witte dat de folsleine Rabobankploech yn de Ronde fan Frankryk fan 2007 oan de doping wie. Weening siet yn dy ploech. Doe't Pieter Weening yn 2012 by Orica-GreenEdge begûn moast er in oerienkomst tekenje dat er nea mei ferbeane middels yn oanrekking west hat. Dy ferklearring moat er wer befêstigje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)