Sânskulptuer by stedskantoar

sânskulptuer
Der komt yn it stedskantoar yn Ljouwert in grut sânskulptuer te stean. It keunstwurk is in kado fan kulturele ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân, foar it heljen fan de titel Kultuerele Haadstêd. Yn Snits waard dizze simmer foar it earst it sânskulptuerfestival hâlden.
It keunstwurk yn it stedskantoar stelt ien fan Ljouwerts meast markante gebouwen foar en kin troch in spesjale beskermlaach fan wetter en lym wol tsien jier stean bliuwe. Keunstner Maxim Gazendam sil de sânskulptuer meitsje.