Nij WiFi-netwurk yn Ljouwert

04 nov 2013 - 15:01

Yn it sintrum fan Ljouwert is moandei úteinset mei de oanlis fan in WiFi-netwurk. Besikers fan de binnenstêd moatte aanst maklik op de mobile tillefoan ynternette kinne. De earste apparatuer stiet no op it stedskantoor, de Nijstêd en it Aldehoustertsjerkhôf. Dêrnei wurdt ek op it Saailân en yn de tuskenlizzende strjitten WiFi beskikber makke.

Stichting Het Nieuwe Winkelen Leeuwarden hat opdracht jûn foar it WiFi-netwurk. Under oare de gemeente Ljouwert en de ûndernimmers betelje mei oan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)