Fryske bylden Keningshûs socht

Fryske amateurfilmers kinne sneon 10 movimber op it Noardlik Film Festival yn de Ljouwerter stedsskouboarch de Harmonie har filmmateriaal fan it Keninklik Hûs ynleverje. De bylden wurde troch it Nederlânsk Ynstitút foar Byld en Lûd brûkt foar de film 'Mijn Band met Oranje'.
Ut it hiele lân wurde amateurbylden sammele om ien lange film te meitsjen. Dizze spesjale film sil om Keningsdei hinne troch de NOS útstjoerd wurde.