Ferkiezingskoarts op De Jouwer

04 nov 2013 - 08:39
  • Listlûker fan GrienLinks Matthijs Sikkes-van den Berg en Anne Mercuur
  • Remboud van Iddekinge fan de NPP

De ferkiezingskoarts begjint te kommen yn de nije gemeente de Fryske Marren. By de ferkiezings nije wike woansdei stride njoggen partijen om 31 sitten. Dêrby binne der twa nijkommers: GrienLinks en Nieuw Politiek Peil (NPP). De lêste is ûntstien as VVD-ôfsplitsing. Woansdei sil premier Mark Rutte in besite bringe oan De Jouwer om de VVD-kampanje te stypjen.

Omrop Fryslân radio giet fan moandei ôf alle politike partijen del dy't meidogge oan de ferkiezings yn de nije gemeenten de Fryske Marren, Ljouwert en Hearrenfean.

GrienLinks wol de polityk yn de Fryske Marren 'ferjonge' en 'griener meitsje'. Se dogge dat mei de 26-jierrige listlûker Matthijs Sikkes. De nûmer twa op de list, Anne Mercuur, is mei 24 jier de jongste kandidate fan alle politike partijen. De NPP fynt it foaral fan belang dat de nije gemeente in sûn finansjeel belied fiert. De nije gemeente de Fryske Marren moat foaral gjin nij gemeentekantoar bouwe, fynt listlûker Van Iddekinge. Ek wol de gemeente alle oare ynvestearrings kritysk tsjin it ljocht hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)