Doeksen skrast tsjinsten

04 nov 2013 - 08:18

Fanwege de waarsfoarsizzings skrast rederij Doeksen moandei de sneltsjinst fan en nei Flylân. De ôffeart fan 17.15 oere fan Harns, de feart tusken Skylge en Flylân om 18.10 oere en de boat fan Flylân nei Harns fan 18.50 oere komme te ferfallen. Der wurdt in ferfangende feartsjinst ynset om 17.00 oere fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân.

Ek de boat fan Harns nei Skylge om 18.00 wurdt skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)