Flyers wint mei 3-0 fan Geleen

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha sneintejûn mei 3-0 wûn fan Geleen Eaters. Yn Geleen sette Shawn Collymore de Feansters binnen fiif minuten op foarsprong. Dy stân bleau lang op it boerd stean. Pas yn de tredde perioade wist Andrew Krelove de marzje út te wreidzjen nei 2-0. Yn it slot soarge de twadde treffer fan Collymore foar de einstân.
De ploech fan coach Chris Eimers stiet mei 11 punten út 8 wedstriden op it fjirde plak. Nije wike sneon komme de Flyers thús yn aksje tsjin Den Haach.