Harmoniegebou op ynstoarten

It âlde Harmoniegebou yn Harns wurdt bedrige mei ynstoarten. It gebou wurdt op dit stuit oan alle kanten fan binnen en fan bûten skoarre om der foar te soargjen dat it dak net nei ûnderen komt. De bûtenmuorre is al fiif sentimeter út it lead rekke. It gebou út 1845 is op dit stuit yn gebrûk as fytsehannel. Dy is hielendal leechhelle, en ek de bewenner op de earste ferdjipping is evakuearre. De problemen mei it gebou begûnen yn de rin fan ferline wike, nei de swiere stoarm.
Sneon kaam de brânwacht der by en dy fûn it gefaar te grut om it gebou noch te brûken. Snein is begûn mei it skoarjen. It akute ynstoartingsgefaar is dêrtroch foarearst foarby.