Ha froulju noch wol ynfloed?

03 nov 2013 - 17:09

Vrouwen van Nu begjint binnen de feriening in nij netwurk foar jonge froulju. Mei dit inisjatyf wol Vrouwen van Nu, de eardere Plattelânsfroulju, jonge froulju mei drokke aginda's in eigen plak jaan yn de feriening, om kennis en ûnderfining mei-inoar te dielen.

Op 14 novimber wurdt it netwurk offisjeel oprjochte op De Jouwer. It tema is dy jûn: 'Hawwe froulju noch wol ynfloed yn de hjoeddeistige maatskippij?' Gastsprekker is Anja Haga fan de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)