Tsjerkgaast: ûnk mei molkauto

03 nov 2013 - 17:01

Op de grins fan Tsjerkgaast en Koufurderrige is sneintemiddei in molkauto fan suvelfabryk DOC út Hoogeveen op 'e kant njonken de dyk bedarre. De swiere tankauto mei neffens de plysje sa'n 10.000 kilo molke bedarre by it ôfslaan njonken de dyk. It gie om in iensidich ûngelok. Der wiene gjin oare auto's of weibrûkers by belutsen. De sjauffeur rekke licht ferwûne oan de holle.

It is it doel om de tankauto sa gau mooglik fuort te heljen. Om dat mooglik te meitsjen moat lykwols earst alle molke út de auto pompt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)