Earste oerwinning De Jouwer

03 nov 2013 - 15:57
  • In fuotbal

De Jouwer hat snein de earste punten fan it seizoen pakt troch mei 3-1 te winnen fan Longa '30. Yn Lichtenvoorde kamen de Jousters betiid op efterstân. Ralph Wietses skoarde de 1-1 út in knappe frije traap. Krekt foar it skoft sette dyselde Wietses de 2-1 op it boerd.

Nei rêst moast Longa '30 mei 10 man fierder nei twa kear giel. Ek Sjouke Terpstra fan De Jouwer ferliet it fjild mei twa giele kaarten. Longa '30 fersomme in penalty te fersulverjen, wêrnei't Jurre Hoogeveen mei de 3-1 de wedstriid yn it slot smiet.

Troch de oerwinning klimt De Jouwer nei it ien nei lêste plak. Longa '30 is no de hikkesluter yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)