Konsert foar brânslachtoffers

Yn Sealen Schaaf yn Ljouwert wurdt snein in maraton-benefytkonsert hâlden foar de slachtoffers fan de brân yn de binnenstêd fan twa wike lyn. Dêrby kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben en rekken tsien minsken har wente kwyt. It benefytkonsert sil tolve oeren duorje, Mei-inoar sille mear as 60 bands optrede.
Al it jild dat ophelle wurdt giet nei de slachtoffers. Organisator Harrie Nicolai sil dat sels ferpartsje ûnder de minsken. Ien fan de gasten op it benefytkonsert wie boargemaster Crone fan Ljouwert.
Crone brûkte de gelegenheid om de Ljouwerters te betankjen by harren help oan de slachtoffers by en nei de brân.