Man pisset tsjin plysje-auto

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht yn Dokkum in man út Twizelerheide (20) oppakt fanwege wyldpisjen. Ek wie de man dwers doe't de plysje him oanhâlde woe. Plysjes seagen dat de man in plysje-auto bepisse en woene him dêrfoar bekeure. Doe't de fertochte nei meiwurke waard er troch de plysjes oanhâlden.
Dat gie lykwols net samar. De man fersette him bot en waard sadwaande oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.