Mishanneling yn Bakkefean

03 nov 2013 - 13:04

De plysje hat sneontenacht yn Bakkefean twa Haulerwyksters (17) oppakt foar it mishanneljen fan in Bakkefeanster (20). It slachtoffer waard op de Weverswâl troch de twa fertochten slein. Doe't er bûten westen op de grûn lei waard er ek troch ien fan de fertochten tsjin de holle skopt. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De twa fertochten naaiden yn earste ynstânsje út, mar melden har letter op it plysjeburo. Se waarden dêr oanhalden en ynsletten foar neier ûndersyk.

Wat de krekte oanlieding west hat foar it skeel tusken de Haulerwyksters en de man út Bakkefean is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
mishanneling Bakkefean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)