Kjeld: bou nimt maatregels

31 jan 2012 - 15:21

Boubedriuwen nimme maatregels yn ferbân mei de kjeld. Fanwege de lege temperatueren hoege boufakkers net mear de steigers op. Dat jildt bij in gefoelstemperatuer fan seis graden ûnder nul. Boubedriuw Dykstra Draaisma hat de bou fan wenningen yn it plan Hartwerterfeart by Boalsert stillein. De wurknimmers kinne oan de slach by projekten dy't binnendoar útfierd wurde kinne.

Dat giet dan ten koste fan ûnderoannimmers, dy't oars sok wurk útfiere. Wurknimmers dy't spesjale termoklean fan har baas krije meie wol bûtendoar trochwurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)