Kramer twadde yn Indianapolis

Mariska Kramer © ANP
Hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten is sneon twadde wurden yn de maraton fan Indianapolis, Amearika. Se rûn op in heuvelich parkoers in tiid fan 2 oeren en 40 minuten. Trije wike lyn rûn Mariska Kramer noch mei yn de maraton fan Eindhoven. Omdat it dêr wiet en kâld wie hie se gjin goed gefoel oan de wedstryd oerhâlden.
Omdat se op besite wie by freonen yn de omkriten fan Indianapolis en dêr in maraton wie hat se sjoen wat der noch yn it liif siet. Allinnich in Amerikaanske atlete moast se foargean litte.