Meiwurkers Friese Wouden thús

Op ien nei binne alle meiwurkers fan de Friese Wouden wer thús. Ien persoan leit noch swier ferwûne yn it sikehûs yn Amsterdam. 36 minsken binne sneon ferwûne rekke by in busûngelok op de A1 by Muiden. 360 minsken fan de Friese Wouden soene op personielsreis nei in musical. Mar op de A1, by Muiden, gie it mis. Trije bussen botsten op inoar, 36 minsken rekke ferwûne wêrfan twa swier.
Snein wurdt op it kantoar fan de Friese Wouden oerlein oer hoe't it gien is, en hoe't it wurk fan de thússoarchorganisaasje wer oppakt wurde sil.
De lêste ferwûne, dy't yn Amsterdam yn it sikehûs leit, wurdt snein yn de rin fan de middei ûntslein en ek nei hûs brocht.