Beareloop Skylge skrast

De Beareloop op Skylge giet definityf net troch. De maraton is sneon al ôfsein. Sneintemoarn is ek de heale maraton skrast. De reden is de waarsferwachting: it KNMI hat koade giel ôfjûn. Der wurdt in protte rein en wyn ferwachte, op Skylge krêft 8. Ek de feilichheid fan it parkoers spilet in rol. Troch de stoarm fan ôfrûne moandei steane in protte beammen yn de Skylger bosken net mear al te fêst.
Boppedat soene de dielnimmers in grut part tsjin de wyn op oer it strân rinne moatte. Oan de Beareloop dogge ornaris tûzenen minsken mei.
Oan de Beareloop soene dit jier sa'n 5.000 minsken meidwaan. De measten dêrfan wiene al op it eilân. It ynskriuwjild wurdt nét weromjûn oan de dielnimmers, meldt de organisaasje. De plysje warskôget minsken dy't op eigen manneboet op it eilân te rinnen gean, dat it gefaarlik is om yn de bosk te kommen.