Snits Wyt Swart koprinner

02 nov 2013 - 23:11

Snits Wyt Swart Boso Snits is koprinner yn de sneinshaadklasse C fan it amateurfuotbal. De Snitsers wûnen sneontejûn op eigen fjild de topper tsjin De Bataven mei 4-0. De wedstriid wie nei de earste helte al beslikke. Doe stienen de Snitsers al foar mei 3-0, troch goals fan Harm-Jan Stuiver en Age Hains Boersma (2x).

Krúsjaal yn de wedstriid wie de reade kaart foar Bataven spiler Renzo van Duren yn de 32e minút. Yn in minne twadde helte sette Mark Homme van der Veen mei in goal rjochtstreeks út in korner de einstân fan 4-0 op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)