Plan Sionsberg net iepenbier

De Sionsberg © Google streetview
Minister Schippers fan folkssûnens wegeret it plan fan sikehûs De Sionsberg oer de takomst iepenbier te meitsjen. De minister wol dit net omdat it plan opsteld is troch it Dokkumer sikehûs, en dy wol net dat it iepenbier wurdt. It sikehûs wurket noch oan it aparte ferzje fan it plan, dat wol geskikt is om foar eltsenien yn te sjen. De Twadde Keamer hie de minister frege om it plan iepenbier te meitsjen.
De Keamer woe graach oer de ynhâld debattearje.