KNMI warskôget foar stoarm

It KNMI hat foar Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân de warskôgingskoade giel ôfjûn. It waarynstitút ferwachtet wynstjitten fan 75 oant 85 kilometer de oere.
De waarsfoarsizzings binne reden foar rederij Doeksen om de boattiden oan te passen tusken Harns en Flylân. De sneltsjinsten ferfalle. Dêrfoar yn it plak fart snein om 7 oere in ekstra fearboat fan Flylân nei Harns en om 9 oere in ekstra fearboat fan Harns nei Flylân. De tiden tusken Harns en Skylge feroarje net. It gemeentehûs fan Menameradiel is dit wykein fanwege de stoarm beminske.
By grutte kalamiteiten dêr't de gemeente by helpe kin meie minsken kontakt opnimme mei it gemeentekantoar. By need moatte minsken wol gewoan belje mei de alaarmsintrale op 112.