Ungelok mei frachtauto op A7

Der is sneontemiddei in ûngelok bard op de A7 yn de rjochting fan Grins nei It Hearrenfean yn 'e buert fan De Tynje. De ANWB meldt op Twitter dat it gean soe om in ûngelok mei in frachtweinkombinaasje fan in supermerkbedriuw.
De linkerrydstrook is ticht en der stiene yn beide rjochtings files. De frachtwein wurdt sneontejûn burgen. De autodyk is dêrom tydlik even hielendal ôfsletten.