Defilee foar Dokkumer crossfan

02 nov 2013 - 15:58

Sa'n santich crossauto's fan ferskate crossklups út Fryslân en acht frachtweinen ha sneon in defilee holden foar de 24-jierrige Cortidaan van der Veen út Dokkum. Hy is grut fan fan de autocross mar kin troch syn slimme sykte net mear nei de crosswedstriden ta. Fandêr dat syn buorman tegearre mei crossklups út hiel Fryslân soarge dat de crossauto's nei him ta kamen.

Yn kolonne rieden se ûnder plysjebegeleiding troch de strjitte fan de Dokkumer crossfan. Op de aksje kamen sa'n 400 minsken ôf. De organisaasje is grutsk op de massale opkomst.

Trefwurden: 
Dokkum autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)