CDA:13.11 fan nasjonaal belang

02 nov 2013 - 15:37

De riedsferkiezings yn Fryslân fan 13 novimber binne ek lanlik fan grut belang. De folsleine lanlike polityk sil mei grutte belangstelling de útslach besjen. Dat seit CDA-foaroanman Sybrand Buma. Hy wie sneon op kampanje yn Ljouwert. Mei CDA-listlûker Thea Koster fan Ljouwert wie hy sneon yn de Ljouwerter binnenstêd oan it folderjen.

Op 13 novimber mei in tredde part fan de ynwenners fan Fryslân nei de stimbus om in nije gemeenteried te kiezen. It giet om Ljouwert, Hearrenfean, Boarnsterhim, Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)