Krisis: mear muzykblessueres

Muzikanten rinne yn dizze ekonomysk krappe tiden gauwer in blessuere op, omdat de konkurrinsje sa fûl is. Muzikanten binne faak benaud om nei de dokter ta, want as je wat mankearret hawwe je minder kâns op de krappe arbeidsmerk. Dit moat oars; muzikanten en medisy moatte inoar better fine. Dat seit revalidaasjedokter Kees Hein Woldendorp fan Revalidaasje Friesland.
Woldendorp en Hans Bosma hiene sneon in grut ynternasjonaal kongres organisearre oer blessueres by blaasmuzikanten en sjongers yn Beetstersweach.
By de iepening fan it sympoasium joech deputearre Jannewietske de Vries in keninklike ûnderskieding oan Hans Bosma.