Tûzen man by CDA-kongres

02 nov 2013 - 13:00

Yn it WTC yn Ljouwert is sneon it lanlike CDA-partijkongres. Under oare fraksjefoarsitter Sybrand van Haersma Buma en partijfoarsitter Ruth Peetoom hâlde in taspraak. De belangstelling foar de byienkomst is grut. Tusken de middei wiene alle tûzen stuollen yn de kongreshal beset. Neffens partijfoarsitter Peetoom in teken dat it CDA wer yn de lift sit.

It kongres is yn Ljouwert fanwege de weryndielingsferkiezings fan 13 novimber, wêrby't ûngefear de helte fan Fryslân stimme kin. Ferskate CDA'ers dogge ek mei oan kampanje-aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)