Aldemardum: natuerwurkdei los

Yn Aldemardum wie sneontemoarn de offisjele ôftraap fan de lanlike natuerwurkdei. Op dizze dei wurde frijwilligers dy't yn de natoer wurkje yn it sintsje set. Mear as 10.000 minsken binne sneon oan it wurk mei hast 500 ferskate projekten. Yn Aldemardum wie in groep frijwilligers dwaande om in túnwâl oan te lizzen.
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi holp mei op de trekker. Yn Fryslân binne op sa'n 15 lokaasjes mei-inoar in lytse 700 frijwlligers oan it wurk. Dy wurde ek ynset foar it opromjen fan stoarmskea.