Hannah Ludwig ferstoarn

02 nov 2013 - 11:03

Yn har wenplak Frjentsjer it freed âld-steatelid Hannah Ludwig ferstoarn yn 'e âldens fan 70 jier. Frou Ludwig wie jierrenlang lid fan Provinsjale Steaten foar de Partij van de Arbeid. Ek wie se riedslid, wethâlder en sjoernaliste, ûnder oare foar Het Vrije Volk. Ludwig wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis foar har poëzyj.

Hannah Ludwig hat jierrenlang meiwurke oan ferskate programma's fan Omrop Fryslân radio, ûnder oare as toanielresinsinte en programmamakker yn de tiid fan de RONO. Frou Ludwig wurke ek in skoft as sportferslachjouster.

Trefwurden: 
PvdA ferstoarn Hannah Ludwig
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)