Stienmurd pleaget fleanbasis

01 nov 2013 - 14:17
  • It tsjerkje op it terrein fan de fleanbasis dêr't stienmurden sjoen binne

De fleanbasis fan Ljouwert hat lêst fan stienmurden. Definsje hat by de provinsje Fryslân in ûntheffing oanfrege om it bist bestride te meien. De stienmurd falt yn de flora- en faunawet ûnder beskerme diersoarten en mei dêrom net oanpakt wurde.

Der sitte neffens de flora- en faunabehearder ferskate stienmurden op it terrein. Ien bist is nachts op kamera fêstlein, doe't er skea oan it dak fan de kapel oanbrocht. Definsje is bang foar de nasjonale feiligens, as de stienmurden aanst ek skea oan fleanmasines en oar materieel tabringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)