Tafersjoch tehuzen opheft

01 nov 2013 - 12:46

It ferskerpe tafersjoch op fjouwer fersoargingshuzen fan De Friese Wouden is opheft. Sûnt begjin augustus stiene de lokaasjes Berchhiem yn Burgum, 't Suyderhuys yn Surhústerfean, de Brugchelencamp yn De Westereen en Haersmahiem yn Bûtenpost ûnder ferskerpe tafersjoch. By kontrôle stelde de Ynspeksje foar de Folkssûnens fêst dat der in soad mis wie mei de hygiëne en it tefoaren komme fan ynfeksjes.

De Friese Wouden hat no de saken better op oarder, wat persoanlike hygiëne en wurkynstrukjes oanbelanget. Der wurdt better skjinmakke.

Neffens de ynspeksje hawwe de fersoargingshuzen de boel no goed foar inoar en binne meiwurkers grutsk op de ferbetterings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)