Beatrix iepenet skoalle Amelân

Prinsesse Beatrix hat freed de nije Burgemeester Waldaskoalle yn Nes op It Amelân iepene. De middelbere skoalle waard yn 2012 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. Der kaam ek in nij stik oan. De skoalle is enerzjyneutraal boud, mei in kachel op houtsnippers, sinnepanielen en bysûndere ferljochting.
De Burgemeester Waldaskoalle is de iennichste middelbiere skoalle op It Amelân. Der sitte tachtich learlingen op. Dy krije les op nivo VMBO en de klassen 1 oant en mei 3 HAVO-VWO. Dêrnei moatte de learlingen nei de fêste wâl.