Fraachtekens by RTL-ûndersyk

De plysje set grutte fraachtekens by it nijs dat yn de Bloemenbuurt yn Ljouwert relatyf it meast ynbrutsen wurdt. RTL Nieuws melde dat op basis fan sifers út `Misdaad in Kaart'. Neffens de plysje is net dúdlik hokker rekkenmetoade RTL brûkt hat.
Yn de Blommebuert wurdt wol in soad ynbrutsen, mar de wyk soe der lanlik net útspringe. Direkteur kommunikaasje fan de plysje, Eric Stolwijk, fynt it `bizar' dat RTL-nieuws fiergeande konklúzjes ferbynt oan sifers dy't oer trije moannen oan ynbraken gean. Dat skriuwt er yn in tweet.
Boargemaster Crone fan Ljouwert wol de útkomst fan it ûndersyk noch besjen. De boargemaster hat earder al maatregels naam om it tal ynbraken yn de Blommebuert te ferminderjen. Sa wurde ynbrekkers dy't faker taslaan, ekstra yn de gaten hâlden. Boppedat wurdt ynset op previnsje. Ynwenners fan de Ljouwerter Blommebuert binne net wiis mei it nijs dat se yn de ynbraakgefaarlikste wyk fan Nederlân wenje.