Ekstra opheldei grof túnôffal

Gemeente Ljouwert en ôffalferwurker Omrin hâlde in ekstra ynsammeldei foar it ophelje fan grof túnôffal. De stoarm fan ôfrûne moandei soarge foar in soad grienôffal yn de foarm fan ôfwaaide takken. De ekstra ynsammeldei sil plakfine op tongersdei 7 novimber. Wa't túnôffal hat, kin belje mei Omrin op 0900 210 0215. It ôffal moat byinoar bûn of ferpakt oan 'e dyk set wurde.