Logopedy lulk op fersekerders

Logopedisten binne lulk op de soarchfersekerders. Al jierren binne se dwaande om oerienstimming te krijen oer de tariven. De Nederlânske soarchautoriteit fynt dat logopedisten ûnderbetelle wurde. Mar de measte fersekerders wolle de tariven net omheech bystelle.
Troch de lege tariven kinne logopedypraktiken minder ynvestearje yn kwaliteit yn de foarm fan kursussen, nije testen of materiaal. Boppedat giet de wurkdruk hieltyd fierder omheech. De logopedisten pikke it net langer en wegerje it kontrakt mei de fersekerders te ûndertekenjen.
Wannear't logopedy net langer yn it soarchpakket sit, sille pasjinten mei in lytse beurs de dupe wurde fan it konflikt, ferwachtet logopediste Esther van Rems fan logopedypraktyk Boalsert.