Man ferstoarn nei ûngelok

Plysje-embleem © ANP
In 27-jierrige man út Bitgum is tongersdei ferstoarn by in bedriuwsûngelok. Hy wie op in pleats oan de Ludingawei yn Harns dwaande mei reparaasjewurk oan it dak fan de skuorre en is troch in ljochtkoepel hinne fallen. De man foel op in betonnen flier en rekke dêrby swier ferwûne.
Helptsjinsten koene de Bitgumer net mear rêde. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.