Ambassadeur Kanada op besite

Fryske kij yn Den Haach yn it ramt fan de suveldei © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Kanadeeske ambassadeur James Lambert bringt takom moandei en tiisdei in wurkbesite oan Fryslân. Hy giet ûnder oare del by bedriuwen en ynstellings dy't har mei wetter, enerzjy en de agraryske sektor dwaande hâlde. De besite is in gefolch fan de wike fan de Fryske ambassade yn septimber. De Fryske ambassade stie rjocht tsjinoer de Kanadeeske ambassade.