Untslaggen by FrieslandCampina

Friesland Campina slút de festiging foar biologyske súvel yn Drachten. De sluting fan it bedriuw is ûnderdiel fan in grutte besunigingsoperaasje by it suvelkonsern. Yn hiel Nederlân wurde nochris twa lokaasjes sletten en der ferdwine goed 170 banen.
By de sluting yn Drachten giet it om mar trije banen, omdat it bedriuw dêr yn it ferline al bot ôfslanke wie. De besúnigingsoperaasje fan Friesland Campina is needsakelik omdat der yn Nederlân hieltiid minder suvelprodukten ferkocht wurde.